Natuermuseum siket minsken

Natuermuseum Dokkum siket frijwilligers
It Natuermuseum yn Dokkum siket in nije behearder en mear frijwilligers om it museum iepen te hâlden. Tiisdei is behearder Jan de Vries op in ledegearkomste, nei in tsjinstferbân fan 25 jier, nei hûs stjoerd. Oant der in nije behearder fûn is, moat it museum troch bestjoer en frijwilligers draaiende holden wurde.
Mei in fernijde oanpak wol it museum wat dwaan oan it tebekrinnend tal besikers. It bestjoer hat oanjûn ferhúzje te wollen nei in nij gebou.