Nepkollektanten oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Ljouwert twa nepkollektanten oanhâlden. De manlju fregen op de Ferlinge Skrâns om jild foar de diere-ambulânse. In bewenner dy't it net fertroude belle de plysje. Doe't dy de twa kontrolearre, bekenden se fuortdalik dat se nepkollektanten wiene.
De twa manlju fan 29 en 34 jier út Ljouwert binne meinommen nei it buro. De kollektebus dy't se brûkten, hiene se stellen út in winkel.