Fleanoefeningen boppe Fryslân

© Omrop Fryslân
De loftmacht sil takom wike op twa plakken oefenje yn Fryslân. Yn ferbân mei de oefening Basic Windmill wurdt fan takom wike tiisdei oant en mei freed flein boppe it militêre oefenterrein de Marnewaard.
Der wurdt flein op sa'n 150 meter hichte mei útsûndering fan it Waadgebiet. Dêr jildt in fleanhichte fan 450 meter. Op de fleanbasis yn Ljouwert is fan tiisdei ôf in lytse twa wike de oefening Frisian Flag.