Mear toeristen nei Waadkust

09 apr 2009 - 10:40

Gemeenten oan de Fryske waadkust moatte mear dwaan om toeristen te lûken. Dat skriuwt de Raad voor de Wadden yn in advys. Dat advys is tongersdei oanbean oan de twadde keamerkommisje foar VROM.

De toeristyske sektor rjochtet him no foaral op de eilannen, de kust fan gemeenten as Frjentsjerteradiel en Dongeradiel is eins noch in wyt plak. Gemeenten oan dy kust moatte en kinne folle mear dwaan om toeristen nei it gebiet te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)