Skiednis Harns sykje op dia's

09 apr 2009 - 09:49

In ploechje Harnzers hat woansdei yn museum it Hannemahûs yn Harns âlde dia's besjoen mei as doel de skiednis fan de havenstêd dúdlik te krijen. It museum hat in hiele kolleksje dia's wêrfan't se eins net witte wêr't se nommen binne of wa't derop steane.

Yn de diakeamer fan it museum waarden woansdei wer hiel wat mystearjes oplost. It liket der dan ek op dat de diasessy dy't yn 'e mande mei de feriening Ald Harns holden waard, in ferfolch krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)