Undúdlikheid plannen Dellewal

09 apr 2009 - 00:01

It is noch hieltyd net dúdlik wat der no krekt boud wurdt op de Dellewal op Skylge. Der wiene earst plannen om ûnder oaren huzen en in teater te bouwen, mar dêr wie by de gemeenteried net genôch draachflak foar.

De gemeente wol it stik grûn by de Dellewal ferkeapje oan wenningkorporaasje WoonFriesland. Dy hat wol belangstelling foar de grûn, mar wit noch net rjocht wat it dêr bouwe sil. In hotel leit it measte foar de hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)