Fryslân foarop mei duorsumens

© Omrop Fryslân
Fryslân moat foarop rinne as it om duorsumens giet. Oer in pear jier moat de provinsje in foarbyld wêze foar alle oare provinsjes. Dat stiet yn de notysje Fryslân duurzaam, dy't woansdei foar it earst oan de oarder wie yn de kommisjegearkomste fan Provinsjale Steaten.
De kommisjeleden neamden de notysje "in moaie dream". Der binne noch gjin konkrete plannen. Dy wurde yn 'e kommende jierren útwurke.