Grutte oarder Van der Wiel

08 apr 2009 - 23:38

It bedriuw Van der Wiel BV út Drachten hat in grutte oarder út Roemenië krigen. It giet om de bou fan wettersuveringsynstallaasjes, it opheljen en ferwurkjen fan ôffal en it meitsjen fan griene enerzjy yn de provinsje Constanza oan de Swarte See.

Der wurdt noch ûndersyk dien nei de helberens fan de projekten. As alles goed giet dat kin oer in jier mei it wurk úteinset wurde. It bedriuw kin noch net sizze oft der ekstra personiel oannaam wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)