Ten Hoeve werom út Moldavië

Hendrik ten Hoeve
FNP Earste Keamerlid Hendrik ten Hoeve út Stiens hat yn Moldavië neat sjoen wat net goed gie. Ten Hoeve wie yn Moldavië as ferkiezingswaarnimmer. In delegaasje fan ferskate Europeeske lannen moast derop tasjen dat de ferkiezings yn it lân earlik ferrûnen.
De OVSE, de Europeeske feiligensorganisaasje, hie foar de ferkiezings wat krityk op it lân. De steatstelevyzje soe te min omtinken jûn hawwe foar de opposysjepartijen.