Natuermuseum:ûntslach De Vries

© Omrop Fryslân
Behearder Jan de Vries fan it Natuermuseum yn Dokkum is troch syn bestjoer ûntslein. It Dokkumer Museum is yn ferbân mei it ûntslach sletten.
Op de ledegearkomste is tiisdeitejûn besletten it statyske karakter fan it Natuermuseum om te bûgen ta in dynamysk konsept, dat fral de jeugd oansprekke moat. Behearder De Vries hat 25 jier ferbûn west oan it museum. It tal besikers rint al skoften werom. It bestjoer hat earder al oanjûn ferhúzje te wollen nei in nij gebou.