'Recht op wraak' al útferkocht

08 apr 2009 - 16:16

It nije boek oer de Twadde Wrâldoarloch fan Jack Kooistra is yn ien wike tiid útferkocht. Dat meldt de Ljouwerter útjouwerij Penn. It boek Recht op wraak giet oer likwidaasjes troch it ferset tidens en nei de oarloch. De earste 1500 eksemplaren wienen binnen in wike ferkocht. De twadde printinge wurdt dizze wike oplevere, de tredde is yn produksje.

Yn it boek wurdt sa'n 30 persint fan de likwidaasjes troch it ferset dubieus neamd en guon sels 'moard'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)