Snits:nep-smaakpolitiestikkers

08 apr 2009 - 15:45

Mear as 20 hoarekasaken yn Snits hawwe in OK-stikker fan tv-programma De Smaakpolitie op de doar, wylst se hielendal net keurd binne. It tv-programma keurt keukens fan snackbars en restaurants op hygiëne. Wa't it goed foarinoar hat krijt in stikker.

Karmaster Rob Geus hat freed ien restaurant en in snackbar keurd en dêr stikkers útdield. In pear dagen letter hiene 20 oare saken ek sa'n stikker, wylst dy hielendal net keurd wiene. De Smaakpolitie is hjir net bliid mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)