Noch gjin dúdlikens Woudsend

08 apr 2009 - 14:26

It is noch net dúdlik oft besunigings by ASR Verzekeringen liede ta ûntslaggen by Woudsend Verzekeringen yn Wâldsein. Woudsend is ien fan de acht fêstigings fan ASR.

ASR hat oankundige de kommende tiid 100 miljoen besparje te wollen. Neffens in wurdfierder wurdt de kommende tiid besjoen hoe't dy besparring helle wurde kin en oft alle fêstigings iepen bliuwe. It personiel fan ASR Verzekeringen is earder dizze wike ynformearre oer de besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)