Boete foar Wicher Wedzinga

08 apr 2009 - 14:11
  • Ald-rjochter Wedzinga waard feroardiele ta in boete

De rjochtbank yn Grins hat âld-rjochter Wicher Wedzinga fan it gerjochtshôf yn Ljouwert in boete fan 2500 euro mei betingst oplein. Neffens de rjochtbank hat Wedzinga him skuldich makke oan it skeinen fan it amtsgeheim. De âld-rjochter hat geheime ynformaasje nei bûten brocht út in petear dat er mei twa kollega's hie oer it fêststellen fan in straf.

It is foar it earst dat in rjochter yn Nederlân feroardiele wurdt foar sa'n fergryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)