Minder rekreanten op Thialf

Thialf hat dit seizoen noch net profiteard fan it natoeriis...
Der komme hieltiid minder rekreative reedriders nei iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It ôfrûne seizoen kaam der fyftjin prosint minder rekreanten. Dat hat foar in part te krijen mei de strange winter. Minsken sochten doe massaal it natoeriis op. De direksje seach oan de sifers lykwols dat it foar de froastperioade ek al gjin stoarm rûn by Thialf.
Dat der minder rekreanten wiene de ôfrûne winter skeelt Thialf sa'n 60.000 oant 70.000 euro oan ynkomsten.