Hoefolle munten foar 63 sint?

08 apr 2009 - 11:36
  • De bern fan 'e Hoeksteen oan it rekkenjen...

Goed 800 skoallen troch it hiele lân diene woansdei mei oan de spesjale dei om it rekkenjen op de basisskoalle te ferbetterjen. Ek in grut tal Fryske skoallen, wêrûnder CBS de Hoeksteen op It Hearrenfean, die mei oan dizze nasjonale rekkendei.

De bErn moasten ûnder oare útrekkenje hokker euromuntsjes je nedich ha as je 63 eurosint betelje moatte. Alle rekenspultsjes hiene te krijen mei jild. De nasjonale rekkendei waard al foar de sechde kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)