Plysje hâldt twa fandalen oan

08 apr 2009 - 10:04

De plysje hat twa jonges fan 18 út Emmeloard en Easterwâlde oanhâlden fanwege fernielerij. De twa hiene op it terrein fan it âld molkfabryk yn Easterwâlde de ruten fan in kontener stikken smiten. Op it plysjeburo die bliken dat de jonge út Emmeloard ek belutsen wie by in gefal fan bedriging begjin maart yn Appelskea.

De fertochte hat doe helpferlieners it wurkjen ûnmooglik makke, doe't dy dwaande wiene ien dy't net goed wie yn in sike-auto te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)