Utspraak saak-Wedzinga

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Grins docht woansdei útspraak yn de strafsaak tsjin âld-rjochter Wicher Wedzinga fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn seis wiken selstraf tsjin Wedzinga, wêrfan trije ûnder betingst.
Neffens it Iepenbier Ministearje hat Wedzinga geheime ynformaasje nei bûtenbrocht út in petear dat er mei twa kollega's hie oer it fêststellen fan in straf.