Aris rint play-offs mis

08 apr 2009 - 00:24

De basketballers fan Aris Friesland hawwe tiisdeitejûn mei 84-87 ferlern fan Amsterdam. Troch dat ferlies hawwe se gjin kâns mear op de play-offs.

Yn in spannende wedstryd op it Kealledykje miste Aris op de stân 75-75 fiif sekonden foar tiid twa frije worpen en dêrmei joegen se in sekere oerwinning út hannen. Yn de ferlinging makke Amsterdam it kerwei ôf. Aris kin no noch op syn heechst njoggende wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)