Fûn guod nei kringloop

De blauwe fyts
Wa't in sinnebril op strjitte fynt of de kaaien kwyt is, kin net mear by de 'gevonden voorwerpen'-baly fan de plysje telânne. Yn Dongeradiel en Dantumadiel beheart de kringloopwinkel yn Dokkum dêrom tenei dit fûn guod.
Sûnt maart is it fûn guod in kwestje fan de gemeente. Yn Noardeast Fryslân is dêrom kringloopwinkel De Wissel ynskeakele. Tiisdei waard de taak offisjeel oerdroegen. Fan de gemeenten krige De Wissel symboalysk in blauwe fyts oanbean dy't yn Damwâld fûn is.