Gjin lieningen foar starters

07 apr 2009 - 23:19

In saneamde startersliening is gjin goed middel foar minsken dy't foar it earst in hûs keapje wolle yn Ljouwert. Dat fynt alteast it kolleezje fan B&W fan de gemeente.

De gemeenteried hie it kolleezje frege om te sjen nei de ynfiering fan de startersliening. Dêrtroch soene mooglik mear minsken in eigen hûs keapje kinne. B&W fine dat dy minsken better de keapsubsydzje fan it Ryk oanfreegje kinne. Ljouwert hat ek genôch oanbod fan goedkeapere wenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)