Keunstdong út biofergister

© Omrop Fryslân
Fan it restmateriaal dat oerbliuwt yn biofergisters kin floeibere keunstdong makke wurde. De provinsje jout 200.000 euro stipe om dy technyk fierder út te wurkjen.
It bedriuw Convex yn Dearsum hat de technyk betocht, it Ljouwerter bedriuw Aqua Explorer bringt it op de merk. Om de technyk út te wurkjen wurdt de reststof út de fergister fan Omrin yn Aldehaske, yndikke ta keunstdong.