Gemeente test lucht yn skoalle

© Omrop Fryslân
Yn de dokter Algraskoalle yn Ljouwert teste wethâlder Gerrit Knol tiisdei tegearre mei de skoalbern de lucht yn it lokaal. De gemeente Ljouwert hat foar alle basisskoallen yn de stêd in apparaatsje oanskaft om de CO2 te mjitten. De kwaliteit fan de lucht op basisskoallen is faak net goed genôch en dat hat ynfloed op de prestaasjes fan bern. De Algraskoalle hat it apparaatsje foar it eerst test en ek hjir wie it CO2-gehalte yn de skoalle te heech.