De Boer en Brouwers oernommen

© Omrop Fryslân
Stâlynrjochter De Boer en Brouwers yn Ljouwert binne oernommen troch de Dútske GEA Group. De twa bedriuwen binne ûnderdiel fan de Wilaard Group dat syn haadkantoar yn Ljouwert hat. Der wurkje 160 minsken by dy organisaasje. It Dútske GEA makket technyk foar it melken fan kij en sjocht yn de Wilaard Groep in kâns om mondiaal saken te dwaan. Direkteur Jan Zeinstra tinkt net dat troch de oername de bedriuwkultuer ferdwine sil.