Nije as foar mûne Welgelegen

07 apr 2009 - 14:50
  • De âlde spil wie bot oantaast
  • De nije as wurdt de mûne yntakele

Mûne Welgelegen op It Hearrenfean hat tiisdei in nije Keningsspil krigen. De keningsspil soarget derfoar dat de beweging fan de wjukken fan de mûne trochjûn wurdt oan de stien dy't it nôt mealle moat. De âlde spil wie oantaaste troch de boktuorre, houtwjirm en bûnte kjifkrobbe en moast ferfongen wurde.

De nije as kostet 10.000 euro. It grutste part fan dat bedrach is betelle troch de Rykstsjinst foar de monumintesoarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)