Gjin nijbou foar nije gemeente

07 apr 2009 - 14:46

De nije weryndielingsgemeente yn Súdwest Fryslân wurdt net ûnderbrocht yn in nij gemeentehûs, mar de amtlike organisaasje wurdt ferdield oer de besteande gemeentehuzen. Dat stiet yn it plan fan oanpak dat tiisdei yn Ysbrechtum presintearre waard.

Der waard ek dúdlik dat de tariedingskosten foar de fúzje fjouwer miljoen euro binne. De fiif belutsen gemeenten freegje de provinsje om in substansjele bydrage yn de kosten fan it hiele proses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)