Proef sûnensburo's SW-Fryslân

07 apr 2009 - 12:10

Yn Súdwest-Fryslân hat de GGD-Fryslân de ôfrûne twa jier yn de mande mei de thússoarch in proef dien mei sûnensburo's foar folwoeksenen. Doel dêrfan wie om sûnensklachten by tweintichplussers earder te herkennen, sadat der ek earder aksje ûndernaam wurde kin om slimme sûnensklachten foar te kommen.

Ek waarden minsken begelaat mei it folgjen fan in sûne wize fan libjen. Meikoarten wurdt besjoen oft de proef in ferfolch krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)