Google-auto toert yn Ljouwert

Ljouwert is aanst hiel dúdlik te sjen op Google Earth
De Google Streetview-auto rydt op dit stuit troch Ljouwert. De auto is al op in pear plakken yn de stêd sinjalearre. It makket foto's fan Ljouwert sadat minsken op Google Earth de stêd yn 3D besjen kinne. Grutte stêden lykas New York binne al yn 3D te sjen.
Op ferskate plakken yn 'e wrâld is lilk reagearre op it meitsjen fan de 3D-foto's. Minsken fine it in ynbreuk op harren privacy.