Gefaarlike blinerûte yn Dokkum

Der moat gau in oplossing komme foar de betiden gefaarlike blinerûte yn Dokkum. Dat easket de FNP fan Dongeradiel. Neffens de partij binne al tefolle minsken ûnderút gien en moat dat sa gau mooglik út wêze.
De blinerûte is der kommen sadat minsken dy't min sjogge of blyn binne feilich fan de dyk gebrûk meitsje kinne. De FNP freget opheldering fan it kolleezje.