D'diel fersekeret frijwilliger

Dongeradiel fersekeret syn frijwilligers
Frijwilligers en mantelsoargers yn Dongeradiel binne tenei ek allegear fersekere troch de gemeente. It kolleezje folget dêrmei trijekwart fan alle Fryske gemeenten dy't sa'n fersekering ôfsletten hawwe.
Mei in frijwilligersfersekering soarget in gemeente der bygelyks foar dat in foarlêsmem dy't op skoalle stroffelet oer boartersguod en har ankel ferstûket, fersekere is fan help yn de hûshâlding.