Untslaggen by Friesland Bank

07 apr 2009 - 10:56
  • Spannende tiden foar it personiel fan de Friesland Bank

Der moatte hûnderten minsken út by de Friesland Bank. Dat is yntusken wol dúdlik, no't de Ried fan Bestjoer begûn is mei it ynformearjen fan it personiel. De sifers oer 2008 litte in ferlies sjen, mar it is noch net bekend hoe grut dat ferlies krekt is. Dat jildt ek foar it oantal minsken dat der út moat. In wurdfierder fan de bank wol dêr neat oer sizze. Oare boarnen sizze dat it om in oantal fan likernôch 250 giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)