Ferwûnen by ûngelok St. Nyk

07 apr 2009 - 10:51

By in ûngelok op de grutte dyk by Sint Nyk binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. In 33-jierrige man út Broeksterwâlde seach eefkes net goed út en drige mei syn buske fan de dyk te reitsjen. Hy besocht op de dyk te bliuwen, mar dat slagge net. It buske gie op syn kant en bedarre op 'e kop yn de middenberm.

Twa fan de trije minsken yn it buske rekken ferwûne oan de nekke en de rêch en binne nei it sikehûs brocht. It buske rûn in soad skea op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)