Iepensteande straf ynfoardere

07 apr 2009 - 10:47

Yn Smellingerlân en Opsterlân hat de plysje moandei trije minsken ophelle dy't noch in selstraf tegoede hiene. Mei-inoar moatte se noch foar fjouwer wike de sel yn.

De plysje gie ek by minsken del dy't noch in boete betelje moasten foar ien of oare oertreding. Der waard foar dik 1000 euro oan iepensteande boetes ynfoardere. Meielkoar gie de plysje by 30 adressen del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)