Jonge oanhâlden mei neppistoal

07 apr 2009 - 10:40

In 14-jierrige jonge út De Jouwer is moandei yn Ljouwert oppakt, omdat er in fjoerwapen by him ha soe. De jonge wie yn Cammingaburen op de trein stapt. In tsjûge hie sjoen dat er in wapen yn syn broeksbân sitten hie.

Doe't de trein oankaam op it sintraal stasjon, koe de plysje de jonge gau oppakke, De fertochte waard meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat it om in plestik baltsjepistoal gie, dat de jonge by him hie. Nei't er heard wie, mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)