DB: 'Gjin slachtpartij mear'

06 apr 2009 - 23:33

De Dierebeskerming yn Ljouwert freget de provinsje om nije slachtpartijen ûnder boereguozzen foar te kommen. Ferline jier juny binne by it âlde stoart, by Schenkenschans, tsientallen nuete guozzen fan tichtby ôfsketten.

Foarbygongers reagearren skokt en hawwe by de Dierebeskerming oan de belle lutsen. Dy wol no dat der net wer in ûntheffing foar de jacht ôfjûn wurdt. As der tefolle guozzen komme, kin better oare oplossings socht wurde, sa fynt de dierebeskerming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)