MCL wurket gear mei Tanzania

06 apr 2009 - 16:55

It MCL sil de gearwurking mei it Christian medical center yn Tanzania útwreidzje. It sikehûs stjoert technysk personiel dy kânt út om bygelyks wasmasines te reparearjen. Ek komme Tanzaniaanske susters nei Ljouwert om hjir mear kennis op te dwaan oer hygiëne.

It MCL wol op it earste plak de hygiëne yn it Afrikaanske sikehûs ferbetterje. De útwisseling moat yn maaie syn beslach krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)