Flat yn Ljouwert sloopt

06 apr 2009 - 16:49
  • De Annie Westlandflat giet tsjin de flakte

Moandei is yn Ljouwert de Annie Westland flat tsjin de flakte gien. De flat waard yn trije dielen delhelle troch in hydraulysk systeem. Dêr wurde de muorren mei fuortdrukt, sadat de flat ynstoart.

De flat wie acht ferdjippingen heech en der sieten hûndert huzen yn. De lêste jieren wie der altyd in soad oerlêst by de flat. De sloop wie nedich foar werstrukturearring fan de Frijheidswyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)