Fragen oer oanlis Sintrale As

06 apr 2009 - 16:42

Oer de oanlis fan de Sintrale As, de dyk tusken Dokkum en Nyegea, moat gjin ûnrêst komme. Dat fine de fraksjes fan PvdA en CDA. De partijen steure har oan útspraken fan ferkearsdeputearre Piet Adema, ôfrûne sneon yn de Ljouwerter Krante.

Neffens Adema is der nei 2015 minder groei fan it autoferkear. Ek soe de befolking yn Fryslân minder tanimme as earder tocht. Dêrom soene grutte dykprojekten dy't op priemmen steane, op 'e nij besjoen wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)