Trije Friezen yn muzykfinale

06 apr 2009 - 12:39

De Dag van de Genomineerden fan it Prinses Christina Concours hat sneon yn Den Haach trije Fryske finalisten opsmiten. It giet om de 13-jierrige Arjan Jongsma út Drachten op de marimba, de 14-jierrige Valentina Tóth út Aldtsjerk op de piano en Dana de Vries fan 15 jier út Frjentsjer op de sello.

Oan de seleksje diene sneon 30 dielnimmers mei. Oan de finale fan it Prinses Christina Concours op sneon 19 april dogge acht jongeren mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)