Epke Zonderland 5e yn Milaan

05 apr 2009 - 17:51

Epke Zonderland is der snein net yn slagge om Europeesk kampioen te wurden op de rekstôk. De turner fan De Lemmer kaam yn Milaan yn Italië net fierder as in fyfde plak mei in teloarstellende skoare fan 14,575.

De Gryk Vlasios Maras pakte it goud mei in puntetotaal fan 15,375. Twadde waard de Frânsman Yann Cucherat. It brûns gong net de Oekraïner Mikola Koeksenkov mei 14,925 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)