Adema wol priisôfspraken bou

05 apr 2009 - 14:36

De provinsje is benaud dat de prizen yn de bou hurd omheech gean at alle projekten dy't pland binne, útfierd wurde. Deputearre Piet Adema wol dan ek dat der priisôfspraken makke wurde.

De provinsje lûkt de kommende jierren 50 miljoen euro út foar de oanlis fan ûnder oare diken. De bouprojekten wurde nei foaren helle, sadat de gefolgen fan de kredytkrisis safolle mooglik beheind wurde. De bousektor hat oanjûn wol priisôfspraken meitsje te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)