Pallets yn 'e brân stutsen

05 apr 2009 - 14:10

In 22-jierrige ynwenner fan Wymbritseradiel is sneontenacht oppakt foar brânstifting. De man stie mei in groep fan noch sa'n 35 minsken by in parkearstrook oan de C. Faberleane yn Sint Nyk.

Hy soe dêr in bulte pallets yn 'e brân stutsen ha. Doe't de plysje de man oanhâlde woe, kaam de groep yn opstân en begûn de plysje te misledigjen. Ien jonge fan 19 jier is dêrby oanhâlden. De 22-jierrige hat de nacht yn de sel trochbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)