Popronde Ljouwert yn oktober

De webside fan Popronde
Oant 1 maart koene bands har oanmelde foar de Popronde 2009. Op 1 maaie wurdt bekend makke hokker bands selektearre binne foar de 'Grote Prijs door Nederland'. Ek wurdt der ien wildcard weijûn yn gearwurking mei MusicFromNL.
De Popronde is organisearre om talintfolle Nederlânske bands en artysten in kâns te jaan om spyl- en toerûnderfining op te dwaan en in nij publyk te berikken. De Popronde yn Ljouwert fynt plak op 23 oktober.