Undersyk nei deade brúnfisken

05 apr 2009 - 12:32

De lêste tiid binne der opnij in soad deade brúnfisken oanspield oan de Nederlânske kust. It kin wêze dat dat troch de skroeven fan de skippen komt of dat se yn de netten fan fiskers telâne kaam binne.

It ministearje fan Lânbou wol wite wat der krekt bart mei de brúnfisken. Patolooch Lidewij Wiersma fan de universiteit fan Utrecht hat opdracht krigen om hjir ûndersyk nei te dwaan. Yn de rin fan dit jier moat mear dúdlik wurde oer de ûndersyksresultaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)