Histoaryske ielaak is ôf

04 apr 2009 - 16:13

Der is trije-en-in-healjier wurke yn Heech oan de histoaryske ielaak Kornelis Ykes. Foar de bou is goed 1,4 miljoen euro byinoar brocht troch sponsors en troch stipe fan de gemeente Wymbritseradiel en de provinsje. Fan de ielaken út it ferline is net ien mear oer.

It skip is dus de iennichste yn syn soarte. De Kornelis Ykes sil ynset wurde foar deitochten oer de Fryske wetters en de Iselmar. Op 18 april folget noch in offisjeel doopfeest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)