Iepening seizoen Brune Float

04 apr 2009 - 15:43

It groeiende tal regels makket it der net makliker op, mar dochs wiene de lûden by de iepening fan it nije seizoen fan de brune float posityf. Yn de Noarderhaven yn Harns waarden sneon sels twa nije skippen oan de float taheakke.

Skippers moatte har oan hieltyd strangere regels hâlde dy't fanút Brussel oplein wurde. Sa moat yn alle skippen brânfertraagjende ferve brûkt wurde. Ek moatte passazjiers rap út de fertrekken komme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)