Man wol blaastest net dwaan

04 apr 2009 - 14:16

De plysje hat freedtejûn en -nacht wer op in tal fan plakken yn de provinsje alkoholkontrôles dien. Der waarden sechtjin bekeurings útdield en yn fiif gefallen hiene de bestjoerders safolle dronken dat se it rydbewiis ynleverje moasten.

By ien fan de kontrôles waard in 29-jierrige ynwenner fan Winaam oanholden. Hy woe net meiwurkje oan de blaastest en fersette him tsjin de plysje. Ek brûkte er misledigjende taal en dêrom waard er oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)