Fryslân net koarten troch Ryk

04 apr 2009 - 13:40
  • Deputearre Galema

Fryslân en de oare provinsjes wurde de kommende twa jier net koarten troch it Ryk. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de belutsen ministearjes en de provinsjes. It Ryk fynt dat der 600 miljoen euro besparre wurde kin.

De provinsjes ûnder oanfiering fan de Fryske deputearre Sjoerd Galema bestride dat. Neffens Galema komme ynvestearrings yn gefaar en kinne guon projekten, lykas it ferdjippen oanlizzen fan de N31 by Harns, net gauwer útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)