Syktocht nei drinkeling

Plysje en brânwacht binne freedtejûn útrukt foar in drinkeling. De man wie mei syn buske it nije Hearrenfeanster Kanaal op It Fean ynriden. Tsjûgen seagen dat en bellen de helptsjinsten dy't massaal útrukten. Doe't it buske boppe wetter helle wie, siet er net ien mear yn.
De man wie sels út de auto krûpt en nei hûs gien. Dêrnei hat er him melden by de plysje. Der wie gjin drank yn it spul, hy is nei alle gedachten yn sliep fallen.