Cambuur wint fan Den Bosch

04 apr 2009 - 10:19

Cambuur hat freed de útwedstriid tsjin FC Den Bosch mei 2-1 wûn. Yn de earste helte hie Den Bosch de bêste mooglikheden, mar Cambuur skoarde flak foar rêst twa kear. De doelpunten kamen fan Ter Heide en Maachi. Njoggen minuten foar tiid kaam Den Bosch troch in goal fan Matusiwa noch werom yn de wedstriid, mar de lykmakker bleau út.

Cambuur bliuwt troch de winst op it tredde plak stean. De nûmers 1 en 2 fan de ranglist, VVV en RKC, spilen tsjin elkoar en lieten it by 0-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)